Swarte Haan fakânsje mûne.

Belibje it Waad en it opbilde lân. In hiel aparte wize fan fakânsje by Swarte Haan (Fryslân) yn de te weropbou poldermûne fan "Swarte Haan".

Wierskynlik yn 2022.

 

Fakânsje

Oer in lange hege brêge by de seedyk. Lâns it tegelpaad yn´t lân en dan fia in lege brêge nei de poldermûne ta. Dat bringt jimme op 'e mûnepôle, loftsom nei de doar fan de fakânsje-wenning yn´e mûne. Smûk, rêstich en noflik fakânsje hâlde yn de wenkeamer fan 'e mûne. Boppe op de earste souder sliepe.

Mûne

De poldermûne dy ’t mealle sil. De mûnder komt del en set de mûne op ‘e wyn, meihelpe kin. Oerdei ljocht mei in wide blik oer it Bilt. Yn ‘e nacht it tsjuster en de stjerren, somtiden it noarderljocht. Elke moanne de wrâld yn it moanneljocht.

 

Seedyk

De feilige seedyk tichteby, wêr t bern fan ôf rôlje kinne. Dêrefter de Waadsee en yn ‘e fierte de eilannen fan Amelân en Skylge. Jûns it rûndraaiende ljocht fan ‘e fjoertoer fan ´t Amelân.

 

Nijs

Fan ôf de seedyk sjochst de pôle. Hjir´t ferhaal fan Friesch Dagblad.

 

Môln Swarte Haan FD-2
Word – 251,0 KB 1312 downloads

Sterre-obsevasyplak/Nachttún

Yn gearwurking mei Keunstwurk.